Ie leit sels kuierpaad oan

Belusterje it fragmint op: http://www.omropfryslan.nl/nijs/ie-leit-sels-kuierpaad-oan

It doarp Ie sil sels in nij kuierpaad oanlizze. Se krije dêrfoar it materiaal fan de gemeente, mar it wurk moat troch de doarpsbewenners sels dien wurde. It giet om in paad fan inkele tsientallen meters yn it ferlingde fan it nije boskpaad oan de eastkant fan it doarp. Dat is wol folslein troch de gemeente oanlein, mar it kolleezje woe eins gjin jild stekke yn dit ekstra paad.

Om't it doarp der wol graach mei oan de slach woe, is no foar dit kompromis keazen. De gemeente Dongeradiel jout goed 4000 euro foar it paad.

Bron: Omrop Fryslan