Dorp Ee

Update: jeugd afgelast en 2e, 1e en 3e gaan DOOR!


Update 12.00: De jeugd en het 2e zijn afgelast. Het 1e en 3e gaan DOOR!! 

De thuiswedstrijden van de jeugd zijn afgelast. De wedstrijden van Oostergo 1 en 2 zijn nog niet afgelast. Op dit moment wordt het veld gekeurd. Ondergetekende vertrekt richting Friesland, dus voor meer info kunt u even bellen met Sake, 0519518680. Volgende update rond 12.00.

Lees Meer

Utljochte: Eeltje Wiersma


Útljochte: Eeltje Wiersma
Yn dizze rubryk wurdt eltse thúswedstriid in (eks)spiler,(eks)trener as supporter útljochte. Dizze wike eksspiler Eeltje Wiersma.  

Wannear bist begûn mei fuotbaljen?
Op myn 8e yn E4 by Be Quick Dokkum. 

Hoe lang hast spile by VV Oostergo?
Op myn 22e bin ik nei Oostergo ta gien. Doe spielen wy tredde klasse. Ik haw fiif jier by Oostergo spiele.

Wêr bist dernei hinne gien?
Nei myn Oostergo perioade bin ik werom gien nei Be Quick. Tafallich kaam dêr krekt in nije trener en dy joech eltsenien in earlike kâns. Ik kaam fuort by de seleksje en ferovere in basisplakje. Wy waarden kampioen en promovearen yn myn earste jier nei de 1e klasse. Fjouwer jier lyn bin ik stoppe yn it earste. Ik bin yn it tredde fuotbaljen gien, in moai ploechje wêr’t in soad fuotbal yn sit. Derneist bin ik noch jeugdtrener fan de B1, dy’t ik ek begelied op sneons, en train ik de E5 oant ‘e mei de E8 en ek noch de froulju 1.  

Wat wie de moaiste perioade dy’tst meimakke hast?
Dat binne meardere. It kampioenskip mei Be Quick nei de earste klasse, kampioenskip mei Oostergo nei de tredde klasse mar ek de perioade mei it twadde fan Be Quick. Wy wienen kampioen en spielen om it Nederlâns kampioenskip foar bêste twadde alftallen.

Wa wie de bêste spiler wêr’tst mei spile hast?
Seker Arjen Hoekstra, mar ek Andries Spek en no noch mei Minne Eelkema (eks Flevo Boys)  

Wat wie in minpunt yn dyn karriêre?
Dochs wol de treningsopkomst bei Oostergo, foaral op tiisdeis.

Wat dochst ast net hoechst te fuotbaljen?
Ferskillend, soms lekker thús, winkelje as nei in oare wedstriid te sjen. 

Wat fynst de bêste trener wêr’tst mei wurke hast?
Richard Elsinga. Hy kaam tegelyk mei my by Be Quick yn myn lêste perioade. Elts krige in earlike kâns. No is der haad-jeugdoplieding bei Blau Wyt yn Ljouwert.

Wa wurdt kampioen yn de 3e klasse B?
Ik hoopje fansels Be Quick, al haw ik better fuotbaljende teams sjoen. Hurdegaryp fûn ik in goeie ploech.

Op hokker plakje sil Oostergo einigje dit seizoen?
Ik hoopje fan herte dat Oostergo harren handhave sil. De jonges moatte der yn elts gefal alles oan dwaan!

Folgest Oostergo noch in bytsje?
Fansels, fia de krante. Ik bin ek noch stiper. Oostergo sit dochs yn myn hert, ik haw der moaie jierren hân!

Oostergo – Minnertsgea?
2-2.

Eeltje, tank foar dyn meiwurking en it giet dy goed by Be Quick. Fansels bist altiten wolkom op Sportpark de Streng!

Folgjende útljochte: Atze Frans de Boer.

 

 

Lees Meer

Uitslagen zaterdag 26 april


AVC 1-Oostergo 1                     5-2

Oostergo 2-Minnertsga 2           0-3 

Oostergo 3-'t Fean 5                 2-8

CSC B2-Oostergo B1                 1-6 

Veenwouden C1-Oostergo C1    8-0 

Ternaard D1-Oostergo D1         3-5

Oostergo E1-Frisia E8               10-0

Oostergo F1 is vrij

Oostergo F2-De Lauwers F2      2-12

Lees Meer

Speelkalenders


De nieuwe speelkalenders van de jeugd staat weer online!

Lees Meer